Strjitkeatsen 4 juli 2013
Under lieding fan Jaap Noorman keatsten acht twatallen en ien trijetal de tradisjonele jierlikse keatswedstriid op strjitte. Der waard keatst mei in ferliesersronde. Jaap naam it ferstandige beslút de partijen begjinne te litten op spullen gelyk. Sa wiene we moai op tiid út en koe Jaap om healwei tsienen de prizen útrikke. Fan de njoggentjin keatsers gongen tsien keatsers mei it Poiesz gebak nei hûs.
De útslagen: Op 5-5 en 6-6 wûnen Jennie Terpstra en Hilda Dolstra de 1e priis troch te winnen fan Jan de Jager en Bert Grupstra. De 3e priis wie foar Wisse Arendz en Martin Visser Yn de ferliesers omloop gong de priis nei Pieter Klaversma en Reinder Bonekamp, hja wûnen de treast finale mei 5-3 en 6-4 fan Jouke Bonekamp en Nynke Wiedijk
Geplaatst op 05 July 2013